Bruinja_freed_lc_s01

De wrâld yn

‘Stofsûgersjongers’ is
net sa mar in dichtbondel, it is in ‘groepsding’. De tekeningen fan Mirka
Farabegoli en de muzyk fan Femke Ijlstra binne suver like wichtich as de
gedichten fan Tsead Bruinja.

Troch Jacob Haagsma

Eins skoden der
twa inisjativen yn inoar. Femke IJlstra, Frysk saksofoaniste om utens,
benadere Tsead Bruinja, Frysk dichter om utens, om ris tegearre wat te dwaan.
En suver tagelyk krige er mail fan Mirka Farabegoli, Frysk byldzjend keunstner
om utens, oft er net by in solo-eksposysje fan har live gedichten meitsje woe.

,,Dat gie my wat te mâl”, seit er, ,,mar it idee om poëzij
mei byldzjende keunst te ferbinen is wol moai, Dêr ha ik op har oplieding ek wol
ris les yn jûn. En dus like it my moai om har derby te heljen.” En sa kaam it:
in prachtich úfierd boek, mei Bruinja syn gedichten, byldzjend wurk fan
Farabegoli en in cd mei hjoeddeiske saksofoankomposysjes fan IJlstra, foar in part
spesjaal foar har skreaun.

Sjoen de eftergrûn fan dizze trije keunstners leit de
tematyk fan de bondelwolwat foar de hân.Underweis wêze, mar ek: weromsjen nei eartiids,
nei hûs, nei Fryslân.  ,,Femke werkende
dat benammen yn it gedicht ‘Snie stasjon leech’. Sy is ek faak ‘on the road’ foar har muzyk.
Lekker ‘on the road’ wêze, anonym yn in hotelkeamer omhingje.”

Tsjinwicht

En as tsjinwicht dan omgrieme yn it persoanlike ferline, wat
Bruinja dan ek wiidweidich docht yn in rige tige persoanlike gedichten. Hy wol
it net ûnwennigens neame, of nostalgy. Siz mar ‘sehnsucht’. ,,It is it opwearde
skatten fan watst meimakke hast. Dy ferhalen meitsje dy watst bist, hoest
groeid bist. As ik in boek lês, wol ik graach witte hoe’t de skriuwer sa wurden
is, hoe’t dy der ta kommen is om dat boek te skriuwen.”

Dy tematyk komt ek oan de oarder by de oare keunstners, ek
al is it ferbân fansels net hielendal ‘rjochtút’. Mirka Farabegoli lit har foar in part
ynspirearje troch har reizen nei Colombia. It meast opmerklike stik op
de prachtige cd fan Femke IJlstra, wat dat oanbelanget, is ‘De bazuin’, neamt
nei it korps út Stiensgea dêr’t IJlstra har earste stappen op it paad fan de muzyk
sette.

,,De kompoanist Geert Schoonbeek de Vlaming hat der spesjaal
foar nei Stiensgea west, hy hat yn har sliepkeammerke stien fan wêrút sy
útseach op it oefenhok fan De Bazuin”, seit Bruinja. ,,Dat ferhaal stekt der
wol boppe út.”

De bernejierren op it Fryske plattelân wiene lang net
altiten in paradys fan moaie herinneringen. Yn it gedicht ‘Koeken en chips’
fertelt Bruinja oer syn selsmoardtinzen fan dy tiid. ,,Ik wie as jonkje net al
te fleurich, ik tocht tefolle nei oer de dingen. Lykas ús heit, dy hat ek sa’n
donker aard. Dat ha ik no noch wol, mar net sa ekstreem. Sa no en dan in
terapy, in goed glês wyn of in stik hasj-sûkelade, dan kin ik der wol wer
tsjinoan.”

Sa hat Tsead Bruinja wol wat fan in hjoeddeiske poète
maudit. Mar it byld fan de iensume dichter op syn kâlde souderkeamer sprekt him
út noch yn net oan. Sterker noch: poëzij is, foar him, in groepsding. It wurk
fan Farabegoli, IJlstra en net te ferjitten foarmjouster Monique Vogelsang is
foar him like wichtich.

Subtyl

,,Har namme hie ek wol grut op it boek mocht. Ik ha tsjin
har sein: reagearje do mar op it wurk. Dat hat se sa moai dien, sa subtyl. Sy hat elts gedicht oars foarmjûn. En
ik sjoch eltse kear noch nije dingen: o, dat hat se sa bedoeld.” Dat wurket hiel
goed yn ‘Aksint’: alle letters ûnder inoar, net neist inoar. Ek foar Bruinja
makket dy yngreep it gedicht allinne mar sterker. ,,Ik tocht: as ik no foarlês,
sil ik foar it gemak net in normaal printsje meitsje? Mar nee, dit is de foarm,
samoat ik it foarlêze. Ek al is it sa in stik dreger.”

Hy beskôget de tekst fan in gedicht dochs al as in soarte
partituer, lykas by in muzykstik. Eins komt de boel, foar him, pas ta libben as
er it foardraacht. ,,Dan ûntstiet pas de magy. Sjoch de tekst mar as de
grûntoan, mar kinst, lykas by muzyk, ek eindigje op in oar part fan de
toanledder. Dêr boartsje ik mei, en ek mei de betsjutting. Dy kin eltse
foardrachtwer in bytsje ferskowe.”

Ek dy foardracht is, yn it ideale gefal, in ‘groepsding’.Hy
docht dat graach mei oaren, muzikanten leafst, en dan mar op inoar reagearje. ,,Ik
ha in grut langstme nei gearwurking, nei nije freonskippen yn de keunst. It
skriuwen jout my in skop ûnder de kont, de wrâld yn.Deliteratuer is goed
foarmy: sa moetsje ik in protte minsken, sa reizgje ik wat ôf, nei Nicaragua, Slovenië,
Skotlân, Malta. Wylst ik útmysels net op fakânsje gean soe. En ik hoech net
foar in baas te wurkjen.”

Bruinja_freed_lc_s02

In dichter aardzjend
nei de ierde

Troch Eppie Dam

In
multidissiplinêr teaterprogramma moat it úteinlik wurde, mar earst
draaide it út op in boek mei cd. ‘Stofsûgersjongers’ befettet poëzy fan Tsead
Bruinja, etsen fan Mirka Farabegoli en saksofoanridels fan Femke IJlstra. Neffens
de flap is it in projekt oer ‘fuortgean, weromkomme en aardzje’. Yn Bruinja syn
gedichten giet it foaral om it lêste.

In fers fan betsjutting is ‘Aksint’, dat begjint mei de
rigels: ‘ik gie nei skoalle / yn de grutte stêd / besocht myn aksint te
ferliezen / mar ferlear mysels’. Plattelânspuber Tsead aardet net yn Ljouwert, en
it duorret lang foardat er wêze kin wa’t er werklik is: ‘ik waard âlder en
dichter (…) en myn aksint kaam werom’.

Dêrnei is er net mear benaud foar ambysjes en neamt er
himsels ‘in sleat dy’t dreamde fan in oseaan’. Behalve nei syn âlden en
foarâlden, aardet Bruinja nei de plakken dêr’t er wenne hat en dy’t er al
ferhúzjend achter him liet. Elkenien en alles nimt er wat fan mei, en syn
fersen dogge dêr ferslach fan yn in unike mjuks fan ôfstân en belutsenheid. Yntusken
wurdt ‘de wrâld grutter / de pine djipper / it hert lytser’, al kin er dingen
better ferneare neigeraden dat er dichtsjend tichter by himsels komt. Hoe grut –
en tagelyk, hoe lyts – de wrâld foar him wurden is, docht bliken út it fers
‘Gref’. Dêryn sprekt er út dat er ‘neaken yn in tekken / de grûn yn wol // wêr
makket my net folle út’. As ynternasjonaal dichter hat er ‘fel en hier falle litten
yn yndonezië simbabwe en nikaragûa’, dat wol sizze, hy leit al ergens oars, en
dêrom kin er oeral op ierde aardzje.

Fan de fiif skiften binne de earste trije fan heech nivo,
mei as útsjitter it lange fers ‘Snie stasjon leech’. Dêryn is de dichter
dagenlang op stap mei syn ‘koffer op tsjiltsjes fol bondels om fergees wei te
jaan’, wylst er wit dat der reden is om nei hûs te gean. Hoe’t de aard fan ’e
minske stride kin mei de aard fan de dichter. Bruinja hie him as dichter al bewiisd.
Dochs hat er yn dizze bondel syn
eigen lûd noch wer ferheldere en ferdjippe, faak feilleas sekuer yn ’e dingen
dy’t er sizze wol. Dêrneist is ‘Stofsûgersjongers’ in prachtboek om te sjen.
By in twadde printinge soe de namme fan foarmjouwer Monique Vogelsang op ’e
titelside meie. En aanst yn it teater net ferjitte en projektearje op in skerm
har bysûndere lay-out.

 

Bruinja_freed_lc_s04

 

Bruinja_freed_lc_s03

Posted in

Plaats een reactie