(Bron: http://www.designverb.com/2007/06/11/tunnel-house/)
wetterballet
der is gjin ljocht oan de ein fan de tunnel
balte de balletlearares troch de gong fan it sikehûs
nei har freondin
se hie seis minuten dea west
en de reis troch it hjirneimels
wie wat ôffallen
dat ha ik oars belibbe sei perkusjonist sjahin
yn de schwoarmatint foar it optreden
doe’t ik fersûpte yn turkije as jonkje fan tolve
seach ik ús heit en mem myn broerkes en suskes
wêrnei’t ik my net waarm of kâld fielde
mar yn balâns perfekt dertuskenyn
sjahin wie mei in harpoen op oktopussen oan it jeien
syn plasse dy’t boppe it wetter útstuts
wie lang troch de sinne ferwaarme
hy beweegde de nekke ferkeard
doe’t er oerein kaam en sakke
ferlamme nei de boaiem
juster wie ús mem ienentwintich jier dea
moarns op bêd fertelde ik myn frou
oer sjahin en de balletlearares
en betocht my dat der yn de koma fan ús mem
net folle plak west ha sil
foar ljocht
*
waterballet
er is geen licht aan het einde van de tunnel
schreeuwde de balletlerares door de gang van het ziekenhuis
naar haar vriendin
ze was zes minuten dood geweest
en de reis door het hiernamaals
was wat tegengevallen
dat heb ik anders beleefd zei percussionist sjahin
in de shoarmatent voor het optreden
toen ik verzoop in turkije als jongetje van twaalf
zag ik mijn vader en moeder mijn broertjes en zusjes
waarna ik me niet warm of koud voelde
maar in balans perfect ertussenin
sjahin was met een harpoen op octopussen aan het jagen
zijn hoofd dat deels boven het water uitstak
was lang door de zon verwarmd
hij bewoog zijn nek verkeerd
toen hij overeind kwam en zakte
verlamd naar de bodem
gisteren was mijn moeder eenentwintig jaar dood
’s ochtends op bed vertelde ik mijn vrouw
over sjahin en de balletlerares
en bedacht dat er in de coma van mijn moeder
niet veel ruimte geweest zal zijn
voor licht
© Tsead Bruinja

Geef een reactie op Hans Kilian Reactie annuleren