Der is in soad dat wy net doare te sizzen, earst tsjin ús heit en mem, letter tsjin ús partners en dan tsjin ús bern. We sizze it tsjin ússels, yn `e holle fiere we hiele toanielstikken op. Elmar Kuiper lit yn syn nije bondel Stienkeal hiel krekt dy ynerlike monologen sjen en hearre, al freget er wat te faak om in bûsdoek.

De bondel iepenet mei in wûnderlike figuer dy't ús fertelt hoe't er earst oer it wetter rint en dan lang om let in 'dy' fynt. Hy bûcht oer 'dy' hinne en seit: "dat it goed / folk wie, gie neist dy lizzen, krûpte dy / stiif oan, woe it wol útraze". Dat ferskil tusken hoe't de gefoelige ik en de oaren de wrâld belibje, spilet in grutte rol yn dizze bondel. Der sit faak wat wanhopichs yn, bygelyks wannear't de ik him ôffreget: "wêrom jousto dy / samar oer, wylst ik my / oan pine en fertriet / mislik frette moat".


Optreden fan de Tigers fan Greonterp, de band mei û.o. Elmar Kuiper

Kuiper wit dy striid goed ynfielber te meitsjen troch skerpe bylden en kompakte rigels, ek wannear't dy belibbe wurdt troch in psychiatryske pasjint: "Ik bin sa iepen dat it sear docht. / Wolst it fiele? / Doch de eagen ticht en tink oan in boer / dy’t de molke yn ’e sleat rinne lit." Mar it fertriet en de pine leit der soms wat te folle boppe op. It tilt op fan de triennen en wiete eagen yn Stienkeal.

As Elmar it oer de bern hat, hoecht it der sa wyld net oan ta te gean as yn `e leafde. Hy brûkt dan in folle kalmere toan: "wieger brûkt myn ôfkarde fersen / as krêftfoer foar syn kij // ik harkje nei de PK’s út syn mûle / hy hat in frontmeaner op syn Fendt / en fuorret syn kij sa tawijd // as wieger sa boartsje kin / dan ferskuor ik mei alle leafde / myn fersen foar him". Dêrnei wurde de eagen him wer wiet, mar dan dikeret er gelokkich "nei bûten, dêr’t de ynjekteur / as in ûnbidich ynsekt syn gefoelsteisters utslacht."

Elmar Kuiper doart it ek oan om flink flau te út `e hoeke te kommen: "do wolst sa graach, sa stjerrende / graach wolst dat ik dy op ’e bek / nim, mar ik bin Richard Gere net / ik bin gjin hit as Brad Pitt". Fan dat lichte en it rêstige observearjen fan syn bern soe ik wol mear sjen wolle.

Tsead Bruinja, Leeuwarder Courant, 7-9-2018

 

Elmar Kuiper lêst foar út 'e bondel, filme troch Ester Eva Damen.

Voorplat-omslag-stienkeal-510x600

Titel: Stienkeal.
Skriuwer: Elmar Kuiper.
Utjouwer: Bornmeer.
Priis: 15 euro (88 blz.)

4/5 ✩

Web: https://www.bornmeer.nl/winkel/stienkeal/

Resinsje_elmar_kuiper_stienkeal_LC

 

Posted in