Fideobesprek troch Geart Tigchelaar by Ensafhhttps://gearttigchelaar.wordpress.com/

Bron: http://www.ensafh.nl

Eerder verscheen een recensie op de website van literair tijdschrift De Moanne:

Prate yn de leechte fan in nije wrâld

De bondel ‘Hingje net alle klean op deselde kapstôk’ ferskynt rûchwei in jier neidat Tsead Bruinja beneamd is ta Dongeradichter. Ien fan de gedichten, it lange ‘foarlopich lân’, wurdt in pear kear yn de wike fan it OBE-paviljoen ôf op de Aldehou projektearre. De twatalige útjefte (Fry/NL) is opmakke as in hantlieding, ynklusyf it budzjetpapier dêr’t de fersen op printe binne.

Foargonger Binnenwereld Buitenwijk stiet fol mei assosjative poëtyske kollaazjes, spontaan en kreatyf fan karakter. Lykwols, nei de ein ta ferlieze de fersen oan spanning en gearhing, as binne it ‘b-kantsjes’ dy’t as boanus taheakke binne. Kapstôk giet dan wer in hiel ein strakker fan start, mei in rige fersen dy’t ûnder de titel ‘yn de kjeld in freon fine’ wol as aparte fersen presintearre wurde, mar wêrfan’t de earste fjouwer suver ien trochgeande tekst foarmje.

It wurd op himsels wurdt in plak om te wenjen, it klinkt as in echo fan Slauerhoff. Mar wennet men yn jins eigen wurd of yn de wurden fan in oar? Wurd en wûne ha yn de earste gedichten in ferlykbere funksje. Minsken diele in taal, men wennet yn inoars wurden en wûnen. Net allinne wurdt yn de kjeld in freon fûn, mar ek ‘yn it soer in sibbe’. Oft Tsead dat by it skriuwen ek yn de holle hie, wit ik net. Op it stuit dat ‘fan de grûn ôfskie’ nommen wurdt (it ferhaal fan de fleanende ketter Simon wurdt oanhelle) rjochtet de dichter de instruksjetaal oan himsels en klaut in nije wûne iepen.

de ienfâld fermannichfâldigje / it publyk net ûnderskatte / en mei de klû begjinne (s. 14)

De lêste twa teksten yn it skift binne ‘Dongeradichten’, ien oer pater Titus Brandsma yn it konsintraasjekamp en Wikseltonge, dêr’t it grutste gelyk en it âldste gelyk tsjinmekoar oer setten wurde, om te einigjen mei in oarlochsliet oer ien dy’t de striid oerlibbet. Brandsma stoar yn de oarloch, hy wie ien dy’t minsken holp, ferbûn en warskôge tsjin maatskiplike opstokelerij. Is wikseltonge in fariaasje op wikseltosk? Kin men wurden weromnimme, de molketong ûntgroeie?

Konkreter wurdt Bruinja gauris net. Ek net yn ‘foarlopich lân’, in tekstkomposyje fan meardere siden dêr’t er nei eigen sizzen besocht hat taal dy’t bylden opropt te mijen, en yn hannelings te skriuwen. Krekt as oar wurk fan Bruinja krijt it gedicht dêrmei wat profetysk, lykas de kwatrinen fan Nostradamus. Men kin der in soad yn lêze. It fers feroaret mei de lêzer mei en makket sa syn libbene ambysje wier. De tekst en de projeksje binne makke yn oparbeidzjen mei Jules van Hulst (bylden) en Herman van Veen (muzyk). It totaalpakket fan de projeksje op de Aldehou (omjouwing en seizoen spylje dan ek nochris mei) is ferfrjemdzjend en betsjoenend. As ‘keale’ tekst op budzjetpapier bliuwt ‘foarlopich lân’ ek oerein, al driget hjir en dêr in oerstreaming. Troch de taal ienfâldich, de strofen koart en de opbou iepen te hâlden, jout de dichter hâldfêst.

Wat opfalt, seker ast de Aldehou-projeksje sjoen hast, binne de hazzen dy’t yn meardere fersen opdûke. Se wurde sketten, mar wolle net stjerre. Op side 24 seit it ‘ik raas werom / dat ik yn myn fel sit / as ik net strûpt bin‘, in typysk (Wâld-)frysk antwurd op de fraach ‘wêr bist?’, dat ek wer past by de hazze.

Ut en troch ropt Bruinja de geast fan oare Fryske keunstners-om-utens op. By it lêzen fan ‘te faak mien ik’ hear ik de stim fan Arnold de Boer (Zea), it hie sa in ferske op syn plaat ‘Moarn bin ik dea’ wêze kinnen. Twa kear in skeanprinte strofe fungearret op it each as refrein, dêr’t de dichter op in foar him typearjende wize it tema twatalichheid oansnijt.

elk krijt syn taal / en de macht dêroer / ik krige twa / ik krige de nacht deroer (s. 22)

Yn ‘ik hearde mar net’ wurdt in relaasje sketst op in wize dy’t tinken docht oan de ultrakoarte ferhalen fan Nyk de Vries, dy’t krekt as de Boer en Bruinja ek nei Amsterdam tôge. In wintermearke mei fjoer, iis en stjerren. Der sit in dúdlike ferhaalline yn, it hat in tûke útsmiter, wat it ta ien fan de meast tagonklike en pakkende gedichten út Kapstôk makket. Ek de roadmovie-yn-de-foarm-fan-in-gedicht ‘beamstronk’ ropt by my de toan fan De Vries op.

De Fryske gedichten steane hieltyd oan de linkerside en oan de oare kant de Nederlânsktalige wjergaders. It is opfallend noflik om se ek sa troch te lêzen. It werlêzen yn in oare taal helpt om gryp te krijen op it wurk. De klû bliuwt likegoed faak in iepen terrein, of in iepen wûne om yn de terminology fan de bondel te bliuwen. It werlêzen fielt yn wêzen as draait men dêr in ferbân omhinne.

Krekt hiel ferheljend opskreaun is de myte ‘sy kaam foar in houlik’, dat it hiele lêste skift beslacht. In frou en in bern mei read hier spiele oan. In geastlik beheinde jonge wennet mei syn heit allinne. In Amsterdammer is de drokte fan de stêd ûntflechte (eins it tsjinoerstelde fan de dichter sels!) en wennet oan de waadkust. Mar geandewei begjinne de rigels te botsen en te klotsen. Wetter en lân sille trouwe, de minsken ferdwine, in ramp en in nij begjin tagelyk.

as it jonkje / neaken yn it skaad / gjin kuolte fine kin / hy langet nei de kjeld / fan in winterske see (s. 104)

Yn de bondel steane in pear kapstokken dêr’t men de gedichten oan hingje kin. Dongeradiel is dêr ien fan, de wikselwurking see en lân in oare. It meitsjen fan in liet komt meardere kearen werom, krekt as de hazze; sa kin ek de wikselwurking tusken kultuer en natoer in kapstôk wêze. En as der sprake is fan in relaasje, dan is der sprake fan in missen. De heit wurdt ferlitten, of de mem is der net mear, of it bern komt net, komt wol, past net. Yn it skift Swannedrifter smyt men de jas yn feite gewoan yn in hoekje fan de keamer. In tikflater kin in fers opsmite en de dichter wurdt no letterlik út syn fel strûpt troch in strjitrôver, tsjin de muorre fan Sake Sakelik.

Wat moat men as lêzer mei al dy kapstokken? Wat dat oanbelanget is de titel grif de belangrykste ynstruksje fan dizze hantlieding/bondel. Mar wêrom is it ‘klean’ ynstee fan ‘jassen’? It titelgedicht dat op side 32 stiet, biedt wat dat oanbelanget ek gjin hapkleare klû. In heit rint mei in stjonkend ruft troch de gong. Mem en bern sjonge yn de kelder. De wrâld is leech. Heit leget in buks op in hazze. Der is net ien dy’t him heard. Mar hy praat dochs.

Bron: http://www.demoanne.nl/prate-yn-leechte-fan-nije-wrald/

FB_IMG_1517297038003

Still uit de videoprojectie op de Oldehove – meer op http://tseadbruinja.typepad.com/tsead_bruinja/2018/01/voorlopig-land-foarlopich-l%C3%A2n-torenhoge-projectie-op-de-oldehove-te-leeuwarden.html

Met Sietze de Vries sprak ik over de bundel voor de Leeuwarder Courant:

Skriuwe is de reis oangean

Tsead Bruinja is krapoan tweintich jier profesjoneel dichter. Dat der fan syn bondels meast mar 300 of 400 eksimplaren ferkocht wurde, deart him net echt. ,,Us heit wie waskmasinereparateur. Soe dy mear klanten hân ha?’’ Syn nije bondel is út.

Alhoewol’t er al jierren yn Amsterdam wennet, is Tsead Bruinja (43) op’t heden aardich oanwêzich yn Fryslân. Op de Aldehou yn Ljouwert wurdt fan tongersdei- oant en mei sneintejûns in keunstwurk projektearre dat er mei Herman van Veen en Jules van Hulst makke hat; syn nije Frysk-Nederlânske bondel Hingje net alle klean op deselde kapstok leit sûnt koart yn ’e winkel.

Wa hie oait tinke kinnen dat dy faak wat depressive jonge út Rinsumageast útgroeie soe ta in dichter dy’t him op de nasionale en ynternasjonale poadia like thús liket te fielen as thús op syn wurkkeamer? Hysels yn alle gefallen net. „Ien dy’t wat depressyf fan aard is, tinkt – as er jong is – net hiel bot nei oer de takomst. Dreamen oer in glânzgjende karriêre of in prachtich hûs haw ik noait hân.”

Ien fan syn earste ynterviews joech er jierren lyn yn Grins, op it studintekeammerke dêr’t er nei syn heal ôfmakke stúdzje Ingelsk en net ôfmakke stúdzje Frysk hingjen bleaun wie. Dêr fertelde er dat er in pear jier earder besocht hie om Ingelske lietteksten te skriuwen, mar dat dy – om’t se alle kanten útgienen – net botte sjongber wiene. Dêr ek hie er ûntdutsen dat it skriuwen fan poëzij him better ôfgie as it skriuwen fan popsongs.

Mei’t er de lietteksten ynruile foar de poëzij ruile er it Ingelsk yn foar it Nederlânsk. Yn dy taal skreau er syn earste serieuze gedichten. Om dy fierder te bringen as syn keamer, organisearre er de earste ôflevering fan it noch altyd besteande festival Dichters in de Prinsentuin yn Grins. Koart dêrnei krige er kontakt mei it Fryske literêre tydskrift Hjir en skreau er syn earste Fryske gedichten.

„Dat wie belangryk, dêr bin ik in bettere dichter troch wurden. Myn gedichten waarden pregnanter, krigen mear swierte. Ik ûntduts de ferhalen út myn jeugd en fan de famylje, dat kommunisearre mear mei myn lêzers as de gedichten dy’t ik yn it Nederlânsk skreau.”

Oer de takomst hie er noait goed neitocht. Hy hie foar in stúdzje Ingelsk oan de universiteit yn Grins keazen om’t er dat in moaie taal fûn en om’t er dêr graach yn skriuwe woe. Mar no’t er Frysk skreau, publisearre er ynienen yn in literêr tydskrift as Hjir. Oant dat momint hie allinne in oantal kopiearre, yn eigen behear útjûne tydskriften wurk fan him publisearre.

Mar dat soe gau feroarje. Hy die itselde wat generaasjegenoaten as Jaap Krol, Meindert Talma en Nyk de Vries – allegear studint en Frysk skriuwer yn Grins – ek diene. Hy socht in ienfâldich baantsje dat it him mooglik makke om rûn te kommen en tagelyk de kop frij te hâlden. Hy wie in skoft skjinmakker by útjouwer Wolters-Noordhoff en hy ferkocht twa jier lang klassike cd’s yn in muzyk-winkel. Benammen dat lêste wie poer geskikt foar it doel dat er him steld hie: tusken de klanten troch hold er tiid oer om te lêzen en te skriuwen.

Mei it publisearjen fan syn earste bondel kaam er yn ’e beneaming foar in addisjoneel honorarium. Der kamen mooglikheden om fan it skriuwen fan poëzij, en fan alles dat dêr oan fêstklibbet, mear te meitsjen as in frijetiidsbesteging. Dichter/keunstner Hein Walter neamde Tsead Bruinja oait in „cultureel ondernemer”. En heakke dêr oan ta: „Zijn handel is poëzie.”

Walter hie neffens Bruinja net ûngelyk. By de Keamer fan Keaphannel stiet er ynskreaun as lytse ûndernimmer. „In keapmantsje út de Wâlden, dat bin ik wol wat. Ik haw, doe’t myn earste bondel útkaam, daliks besocht om myn eigen ûndernimming op te bouwen. Adressebestân oanlein, myn eigen parseberjochten skreaun en ferstjoerd, festivals organisearre en presintearre. Optrede en alles wat dêromhinne sit, hat fanôf it begjin in grut part fan myn wurk útmakke. Safolle mooglik minsken berikke. Der sit wol wat in poëzij-evangelist yn my.”

„Ik haw ek in protte fan de optredens fan oare dichters leard. Ik lês ek wol in soad gedichten, mar ik bin, as it om poëzij giet, hiel audityf ynsteld. Yn 1997 hearde ik op Poetry International yn Rotterdam in lêzing fan de Australyske dichter Less Murray oer it belang fan poëzij. Dy lêzing hat my foar jierren ynspiraasje jûn.”

Sa’t de ferkeap fan cd’s foar muzikanten minder belangryk wurden is, sa draacht de ferkeap fan bondels amper by oan it ynkommen fan in dichter. Soms hat Bruinja in bestseller foar poëzijbegripen. Sa rekke de earste printinge fan 400 eksimplaren fan Stofsûgersjongers/Stofzuigerzangersyn koarte tiid útferkocht en is der in twadde printinge op ’e merk brocht. Yn de measte gefallen bliuwt it by ien printinge.

Dochs slagget it Tsead Bruinja al jierren om fan syn poëzij en wat dêrom hinne hinget rûn te kommen. Hy hat in wurkbeurs fan it Nederlands Letterenfonds, hy jout ien dei yn ’e wike les yn ‘creative writing’ oan Hogeschool voor de Kunsten ArtEZ yn Arnhim, hy is oersetter en presintator, treedt op en hy makket yn ’e mande mei typografen keunst foar de iepenbiere romte. Yn Ljouwert bygelyks binne teksten fan him oanbrocht op de oerkapingen fan it NS-stasjon en yn Utert binne oan de bûtenkant fan flatgebouw De Verkenner tegels oanbrocht mei koarte gedichten fan Bruinja.

„Jo moatte altyd ‘ja’ sizze as jo earne foar frege wurde. Potinsjele opdrachtjouwers moatte witte: by Tsead kinne wy terjochte. Ik kin ek goed meitinke. Kommersjele opdrachtjouwers wolle meast anekdoatyske en tagonklike poëzij. It dichterskip is gjin elitêre beuzichheid, it is wurk. Dat wol net sizze dat ik myn siel en salichheid net yn sokke opdrachten lis. Wat dat oanbelanget is der gjin ferskil tusken in opdracht en frij wurk. It is wurk, mar it is gjin maklik wurk.”

De opdrachtjouwer hat rjocht op in deeglik stik poëzij, mar dêr hat de dichter sels ek foardiel fan. „Ik besykje wurk te leverjen dat geskikt is foar it doel fan de opdrachtjouwer, mar dat selsstannich ek besteansrjocht hat. Dan kinst sokke fersen letter nochris brûke en se yn in bondel opnimme.”

Dat jildt bygelyks foar Foarlopich lân, dat op’t heden te hearren en te sjen is op de Aldehou. „Jules van Hulst, dy’t de animaasjes makke hat, sei tsjin my: ‘Dyn poëzij hat in soad bylden, mar dy leverje ik diskear. It hat gjin sin om de bylden dy’t ik projektear ek nochris te beneamen.’ Dat ik moast wat oars betinke.”

Foarlopich lân is foar in grut part ûntstien yn it Rembrandtpark yn Amsterdam. Rinnend of as er him ûnder in beam deljoech, foel him fan alles yn. Hy makke notysjes en wurke dy letter thús op de laptop út. It late ta fersen as:

‘do seidest/myn oandiel yn it hiele barren/wurdt oerskat//hie ik der net west/dan hie it ek op ’e kop ferkeard kaam//no krekt wat minder/en dat is oan my te tankjen//op it stuit dat it echt derop oankomt/ken ik de lytse yndruk fan myn libben/op it riden en farren fan de kosmos.’

Jules van Hulst kin tefreden wêze: wat men der ek fan sizze kin, it tilt net op fan de bylden.

Bruinja: „It binne situaasjes dêr’t de harker sels ferhalen by betinke kin. Muzyk kinst faker as ien kear hearre, dat moast mei dizze poëzij ek, fûn ik. Alle kearen ast by jûntiid foar de Aldehou stiest, moat dyn ferbylding prikkele wurde en hieltyd mei in oar resultaat.”

Der wurdt op’t heden wakker klage oer alle fleksibele kontrakten foar wurknimmers en oer it hege tal lytse selsstannigen tsjin wil en tank. Noch wiffer as it bestean fan in boufakker of pakjebesoarger liket it bestean fan in dichter. Tsead Bruinja is him dêrfan bewust.

„Mar dy jonge út de jierren njoggentich, dy’t amper foarút tocht, is eins net folle feroare. Ik libje yn it momint en dat giet my tsjintwurdich suver better ôf as doe. It heart by it âlder wurden. Dat depressive út myn jeugd is net fuort, mar ik haw it wol better ûnder kontrôle. Yn dit wurk kinst eins noait fierder foarútsjen as in jier. Dat hoecht ek net. It wurk is it doel. In pensjoen ha’k net.”

„Ik bin wolris benaud dat it ophâldt, mar dêr stean ik net alle dagen by stil. Ik wol gewoan trochwurkje. It skriuwen leveret my geastlik safolle op. Kinst ien freegje: tink dêr ris oer nei. Ast it net by tinken litst, mar it opskriuwst, dat giet safolle djipper. Dan makkest it petear mei dysels fysyk, dat feroaret dy as minske. Dêrom bin ik alle kearen wer benijd wat it skriuwen mei my docht. Kinst neitinke oer in reis dy’st meitsje silst, mar kinst de reis ek oangean. Skriuwe is de reis oangean.”

Hy kin him amper foarstelle dat er wat oars dwaan soe as dichtsjen. Tweintich jier dichter wêze is ek wat oars as tweintich jier foar deselde baas wurkje. „De baas fan de poëzij hat in hiel soad koppen. Hy is in moai skizofrene baas en dêr hâldt in dichter it langer by út as by in rjochtlinige baas.”

6a010536807f4d970b01b7c9528683970b-800wi

Elmar Kuiper schreef een stuk in de Leeuwarder Courant:

Troch de rou hinne touterje
Troch Elmar Kuiper

Titel: hingje net alle klean op deselde kapstôk. Skriuwer: Tsead Bruinja. Utjouwerij: Afûk 2018. Priis: 18,50 euro (108 siden)

Tsead Bruinja syn alfde bondel, is in twatalige. Hy dichtet diskear net in soad oer himsels. Wat driuwt de oar liket it motto te wêzen. It earste skift yn de kjeld in freon fine, opdroegen oan karmelitepater Titus (Anno Sjoerd) Brandsma, set abstrakt útein: ‘it bêd opmeitsje/ de nachthier opsizze// in opstân oan-fjurje/de râne fuorthelje’. In alwittende ferteller docht ferslach mar it is de fraach oft hjir in frijfochten persoan oan it wurd is: ‘it fel ferlitte wolle/omdat it te rûm sit.’ It liket al in útmakke saak te wêzen: ‘yn dyn eigen wûne wenje/ it eigen bloed beplúzje.’

Yn it slagge fers se skopten anno sjoerd en se skopten titus skriuwt Bruinja mei ynmoed oer niisneamde pater en docht er skerp ferslach fan it leed dat minsken inoar oandogge: ‘yn in brilledoaze ûnder syn oksel/bewarre er de hosty dêr’t it hiele kamp/mei segene waard.’ Sa lit er sjen út hokker (geef) hout de pater snien is. It is ûnbedoeld komysk eins, mar de evokative krêft fan sokke rigels is grut.

De hazze, út Bruinja syn eardere wurk dûkt wer op yn tsjinst en de skriuwer freget him beskieden ôf ‘oft dy hazze no netris echt dea kin’. It skriuwen sels nimt yn it twadde skift in prominint plak yn: ‘alle dagen skriuw ik/ oer it stjurre bloed.’ Yn it treflike ik hearde mar net sketst er in apatysk, letargyske tastân, dêr’t de oar hieltyd aksje ûndernimt ‘en ik yn ’e bosk achterbleau’. Even snijt er op: ‘aansens dûk ik mei bile en seage yn it wek.’ Fuort dêrnei is it oer en út, lûkt er de konklúzje: ‘ik hearde mar net fan dy.’

Yn foarlopich lân (skift trije) giet de hânrem der foarsichtich ôf. Soms reitsje ik Bruinja dan kwyt, lykas yn werom-los-nochris, at er wurden dropt, te drok en fragmintarysk skeakelet tusken himsels en de oar. Hy flapt der ek fraaie rigels út: ‘touterje dy troch de rou hinne/kopketommelje troch de spyt’. Yn it fjirde skift is der gjin hâlden mear oan, at sake sakelijk de ik persoan, nota bene op eigen fersyk, mei in f herder bewurket.

Aparte karakters as De Amsterdammer, Jopie, Jan en Klaske befolke it fyfde en lêste skift. De personaazjes lykje om te doarmjen yn in surrealistyske soapfilm of nuver-)aardich mearke. It rint trouwens net goed mei Klaske ôf: ‘der wie blauwe drek/en iel dy’t tusken de stiennen/ wei krûpte.’ Oan Bruinja syn kapstôk hingje bysûndere gedichten.

Bron: Leeuwarder Courant – www.lc.nl

 

Interview bij AmsterdamFM met Peter de Rijk

*

En de eerste recensie die verscheen in Trouw

Wat bij Tsead Bruinja mist, is de dichter zelf

Door Janita Monna

Het kan de lezer van Trouw niet zijn ontgaan: Leeuwarden is culturele hoofdstad. Een jaar lang is de Friese stad, is de hele provincie, ondergedompeld in kunst en cultuur. In theater, beeldende kunst, literatuur. En dus ook in poëzie.

Want goeie dichters, daar zit Friesland niet om verlegen. Een van de groten, Tsjêbbe Hettinga (1949-2013) wordt dit jaar in zijn geboortedorp Burgwerd geëerd met een voorstelling geïnspireerd op zijn werk.

Ook de scheve Leeuwarder toren, de Oldehove, is decor voor taal, voor poëzie: komende maanden is een werk dat dichter Tsead Bruinja maakte in samenwerking met Herman van Veen en Jules van Hulst op de bijna veertig meter hoge toren te zien.

Kapstok

'foarlopich lân / voorlopig land' heet de cyclus die Bruinja voor het project schreef, en die is ook te lezen in zijn nieuwe bundel. 'hingje net alle klean op deselde kapstôk / hang niet alle kleren aan dezelfde kapstok' is een tweetalige bundel – Bruinja schrijft zowel in het Fries als in het Nederlands.

Zijn vorige bundel, het Nederlandstalige 'Binnenwereld, buitenwijk, natuurlijke omstandigheden' (2015), was een voorlopig hoogtepunt in zijn oeuvre. Waar Bruinja zich in eerder werk wel kon verliezen in anekdotiek, vond hij hier in muzikale regels een balans tussen huiselijkheid en maatschappij.

In 'kapstok' heeft hij zich vrijwel weggeschreven. De dichter, die mooie autobiografische verzen schreef – over zijn vader en over zijn jeugd – is naar de achtergrond verdwenen.

581

Onder meer om plaats te maken voor Titus Brandsma, de Friese pater die zich verzette tegen het nazisme, die werd opgepakt door de Duitsers en stierf in Dachau. Bruinja draagt een reeks aan hem op. In sobere, eenvoudige taal, schetst hij zonder op effect uit te zijn, de omstandigheden waaronder Brandsma in het kamp leefde, hoe hij ook daar het goede wilde doen:

in een brillendoos onder zijn oksel
bewaarde hij de hostie waar het hele kamp
mee gezegend werd

Lang niet altijd zijn de verzen helder: te vaak zijn zinnetjes in een staccato-ritme opeengestapeld en is een verband lastig te vinden:

een opstand aanvuren
de rand weghalen

het vuur kalmeren
de aankomst afzeggen

Weinig geladen taal wisselt Bruinja af met regels die nieuwsgierig maken, met scherpe beelden:

het was onze eerste winter hier
elke dag namen wij een hap uit de zon
die anders was dan thuis

De bundel besluit met een intrigerend sprookje over een dorpje waar een raadselachtige moeder en een zoon plotseling hun intrede doen. Bruinja weet de gesloten wereld van het dorp en zijn bewoners raak te vangen.

Maar uiteindelijk mist de bundel iets, en misschien is dat de dichter zelf. Misschien heeft Bruinja zichzelf net iets te veel weggeschreven.

Bron: www.trouw.nl

*

Oorspronkelijke PR tekst

NL – Onder moeilijke omstandigheden het goede doen, daar gaat het om in de nieuwe bundel Hingje net alle klean op deselde kapstôk / Hang niet alle kleren aan dezelfde kapstok (Afûk, 2018) van Tsead Bruinja. Van karmelietenpater Titus Brandsma (Bolsward 1881 – Dachau 1942) aan wie de openingscyclus is opgegedragen tot aan de jonge Jopie die in een wreed modern sprookje op zijn fiets de trekkers van het loonbedrijf volgt en geconfronteerd wordt met een moeder en zoon die uit zee lijken te zijn gekropen om een rekening te vereffenen met de mensheid. Iedereen doet zijn best in deze bundel en zoekt daarvoor in het aardse en het hogere naar steun en zingeving. De taal is toegankelijk, de ritmes en melodieën zijn vaak sober en ingetogen. Bovendien is deze elfde bundel van Bruinja veel minder autobiografisch dan zijn vorige werk. In Hingje net alle klean op deselde kapstôk / Hang niet alle kleren aan dezelfde kapstok gaat het om de ander en wat die ander drijft.

FRY – Under drege omstannichheden it goede dwaan, dêr draait it om yn de nije bondel Hingje net alle klean op deselde kapstôk / Hang niet alle kleren aan dezelfde kapstok (Afûk, 2018) fan Tsead Bruinja. Fan karmelitepater Titus Brandsma (Boalsert 1881 – Dachau 1942) oan wa ’t de iepeningssyklus opdroegen is oant de jonge Jopie, dy’t yn in wreed modern mearke op syn fyts de trekkers fan it leanbedriuw folget en konfrontearre wurdt mei in mem en soan dy’t út ʼe see krûpt lykje te wêzen om in rekken lyk te meitsjen mei it minskdom. Elkenien docht syn bêst yn dizze bondel en siket dêrfoar yn it ierdske en it hegere nei stipe en sinjouwing. De taal is tagonklik, de ritmes en melodyen binne faak sober en ynbannich. Boppedat is dizze alfde bondel fan Bruinja folle minder autobiografysk as syn foarich wurk. Yn Hingje net alle klean op deselde kapstôk/Hang niet alle kleren aan dezelfde kapstok giet it om de oar en wat dy oar driuwt.
 

Foarkant

Hingje net alle klean op deselde kapstôk / Hang niet alle kleren aan dezelfde kapstok
Tsead Bruinja
Friese gedichten + Nederlandse vertalingen
108 pagina's / paperpack
ISBN: 978 94 92176 73 8
Prijs: € 18,50
Ontwerp: Monique Vogelsang – http://www.moniquevogelsang.nl/
Uitgegeven door Utjouwerij Afûk met steun van Stifting FLMD en de Douwe Kalmastifting.
Deze bundel kwam mede tot stand dankzij een werkbeurs van het Nederlands Letterenfonds, een schrijfopdracht van de provincie Fryslân in het kader van It Lân fan Taal, een uitnoding voor het project Waddenmythe van Stichting Nieuw Atlantis en bevat ook enkele gedichten die ik schreef als Dongeradichter.

 
O.a. verkrijgbaar via: http://websjop.afuk.nl/
 
TB_Geert_de_Jong_Cheeseworks_kl
 

© Geert de Jong Cheeseworks

Tsead Bruinja (Rinsumageest, 1974) is dichter en woonachtig te Amsterdam. Hij debuteerde in het Fries in 2000 met de Friestalige bundel De wizers yn it read/ De wijzers in het rood (Bornmeer) en in het Nederlands in 2003 met Dat het zo hoorde (Contact). Bruinja stelt bloemlezingen samen, recenseert, presenteert, interviewt en treedt op in binnen- en buitenland (o.a. in Peru, Oekraïne en Zimbabwe).

Daarnaast werkt hij regelmatig samen met beeldend kunstenaars, typografen en vormgevers. Zijn werk is niet alleen in boeken maar ook op gebouwen, pleinen en in winkels te lezen. Sinds een aantal jaren is Bruinja werkzaam als docent aan de opleiding Creative Writing te Arnhem en sinds 2017 is hij 'Dongeradichter' van de gemeente Dongeradeel. Bruinja's bundels werden genomineerd voor de Jo Peters PoëziePrijs, de Ida Gerhardtpoëzieprijs en de Obe Postmapriis. Hingje net alle klean op deselde kapstôk / Hang niet alle kleren aan dezelfde kapstok (Afûk, 2018) is zijn elfde bundel.

De pers over de twee recentste bundels van Tsead Bruinja:

Binnenwereld buitenwijk natuurlijke omstandigheden (Cossee, 2015)

– Het is typerend voor de poëzie van Bruinja, die hooggevoeligheid voor de leefomgeving, waardoor alles met alles in verband staat en meteen veranderlijk is.-  Eppie Dam in de Leeuwarder Courant

– Dit is geen loze bezorgdheid over wat er gaande is, dit is wat de werkelijkheid zo nu en dan nodig heeft: poëzie.- Janita Monna in Trouw

– Wie ooit had gedacht dat dichters narcistische pennenlikkers zijn, die op stoffige zoldertjes en in schemerachtige souterrains literaire onanie bedrijven, wordt met Binnenwereld buitenwijk in het ongelijk gesteld. We hebben soms fictie nodig om de werkelijkheid te zien.-  Merijn Schipper in Awater

Stofsûgersjongers / Stofzuigerzangers (Afûk, 2013)

– Sa as it measte wurk fan Bruinja, binne de gedichten tagonklik en geane oer gefoelens dy’t eltsenien begrypt en werkent. Hij slagget deryn om yn de Nederlânske oersettings dyselde toan te treffen en de oersettings binne sadwaande like oertsjûgjend as de Fryske orizjinelen.-  Jury Obe Postmaprijs 2016

-Tsead Bruinja is in dit boek, zoals vaker in zijn gedichten, open over zijn leven, zijn dromen, vrouw en vrienden; meestal opgewekt, maar ook melancholiek. Hij schrijft zonder pretentie, sympathiek en humoristisch. – Remco Ekkers in de Poëziekrant

– Bruinja hie him as dichter al bewiisd. Dochs hat er yn dizze bondel syn eigen lûd noch wer ferheldere en ferdjippe, faak feilleas sekuer yn ’e dingen dy’t er sizze wol. – Eppie Dam in de Leeuwarder Courant

 

Posted in