Troch Sietse de Vries
Tsead Bruinja is krapoan tweintich jier profesjoneel dichter. Dat der fan syn bondels meast mar 300 of 400 eksimplaren ferkocht wurde, deart him net echt. ,,Us heit wie waskmasinereparateur. Soe dy mear klanten hân ha?’’ Syn nije bondel is út.
Alhoewol’t er al jierren yn Amsterdam wennet, is Tsead Bruinja (43) op’t heden aardich oanwêzich yn Fryslân. Op de Aldehou yn Ljouwert wurdt fan tongersdei- oant en mei sneintejûns in keunstwurk projektearre dat er mei Herman van Veen en Jules van Hulst makke hat; syn nije Frysk-Nederlânske bondel Hingje net alle klean op deselde kapstok leit sûnt koart yn ’e winkel.
Wa hie oait tinke kinnen dat dy faak wat depressive jonge út Rinsumageast útgroeie soe ta in dichter dy’t him op de nasionale en ynternasjonale poadia like thús liket te fielen as thús op syn wurkkeamer? Hysels yn alle gefallen net. „Ien dy’t wat depressyf fan aard is, tinkt – as er jong is – net hiel bot nei oer de takomst. Dreamen oer in glânzgjende karriêre of in prachtich hûs haw ik noait hân.”
Ien fan syn earste ynterviews joech er jierren lyn yn Grins, op it studintekeammerke dêr’t er nei syn heal ôfmakke stúdzje Ingelsk en net ôfmakke stúdzje Frysk hingjen bleaun wie. Dêr fertelde er dat er in pear jier earder besocht hie om Ingelske lietteksten te skriuwen, mar dat dy – om’t se alle kanten útgienen – net botte sjongber wiene. Dêr ek hie er ûntdutsen dat it skriuwen fan poëzij him better ôfgie as it skriuwen fan popsongs.
Mei’t er de lietteksten ynruile foar de poëzij ruile er it Ingelsk yn foar it Nederlânsk. Yn dy taal skreau er syn earste serieuze gedichten. Om dy fierder te bringen as syn keamer, organisearre er de earste ôflevering fan it noch altyd besteande festival Dichters in de Prinsentuin yn Grins. Koart dêrnei krige er kontakt mei it Fryske literêre tydskrift Hjir en skreau er syn earste Fryske gedichten.
„Dat wie belangryk, dêr bin ik in bettere dichter troch wurden. Myn gedichten waarden pregnanter, krigen mear swierte. Ik ûntduts de ferhalen út myn jeugd en fan de famylje, dat kommunisearre mear mei myn lêzers as de gedichten dy’t ik yn it Nederlânsk skreau.”
Oer de takomst hie er noait goed neitocht. Hy hie foar in stúdzje Ingelsk oan de universiteit yn Grins keazen om’t er dat in moaie taal fûn en om’t er dêr graach yn skriuwe woe. Mar no’t er Frysk skreau, publisearre er ynienen yn in literêr tydskrift as Hjir. Oant dat momint hie allinne in oantal kopiearre, yn eigen behear útjûne tydskriften wurk fan him publisearre.
Mar dat soe gau feroarje. Hy die itselde wat generaasjegenoaten as Jaap Krol, Meindert Talma en Nyk de Vries – allegear studint en Frysk skriuwer yn Grins – ek diene. Hy socht in ienfâldich baantsje dat it him mooglik makke om rûn te kommen en tagelyk de kop frij te hâlden. Hy wie in skoft skjinmakker by útjouwer Wolters-Noordhoff en hy ferkocht twa jier lang klassike cd’s yn in muzyk-winkel. Benammen dat lêste wie poer geskikt foar it doel dat er him steld hie: tusken de klanten troch hold er tiid oer om te lêzen en te skriuwen.
Mei it publisearjen fan syn earste bondel kaam er yn ’e beneaming foar in addisjoneel honorarium. Der kamen mooglikheden om fan it skriuwen fan poëzij, en fan alles dat dêr oan fêstklibbet, mear te meitsjen as in frijetiidsbesteging. Dichter/keunstner Hein Walter neamde Tsead Bruinja oait in „cultureel ondernemer”. En heakke dêr oan ta: „Zijn handel is poëzie.”
Walter hie neffens Bruinja net ûngelyk. By de Keamer fan Keaphannel stiet er ynskreaun as lytse ûndernimmer. „In keapmantsje út de Wâlden, dat bin ik wol wat. Ik haw, doe’t myn earste bondel útkaam, daliks besocht om myn eigen ûndernimming op te bouwen. Adressebestân oanlein, myn eigen parseberjochten skreaun en ferstjoerd, festivals organisearre en presintearre. Optrede en alles wat dêromhinne sit, hat fanôf it begjin in grut part fan myn wurk útmakke. Safolle mooglik minsken berikke. Der sit wol wat in poëzij-evangelist yn my.”
„Ik haw ek in protte fan de optredens fan oare dichters leard. Ik lês ek wol in soad gedichten, mar ik bin, as it om poëzij giet, hiel audityf ynsteld. Yn 1997 hearde ik op Poetry International yn Rotterdam in lêzing fan de Australyske dichter Less Murray oer it belang fan poëzij. Dy lêzing hat my foar jierren ynspiraasje jûn.”
Sa’t de ferkeap fan cd’s foar muzikanten minder belangryk wurden is, sa draacht de ferkeap fan bondels amper by oan it ynkommen fan in dichter. Soms hat Bruinja in bestseller foar poëzijbegripen. Sa rekke de earste printinge fan 400 eksimplaren fan Stofsûgersjongers/Stofzuigerzangersyn koarte tiid útferkocht en is der in twadde printinge op ’e merk brocht. Yn de measte gefallen bliuwt it by ien printinge.
Dochs slagget it Tsead Bruinja al jierren om fan syn poëzij en wat dêrom hinne hinget rûn te kommen. Hy hat in wurkbeurs fan it Nederlands Letterenfonds, hy jout ien dei yn ’e wike les yn ‘creative writing’ oan Hogeschool voor de Kunsten ArtEZ yn Arnhim, hy is oersetter en presintator, treedt op en hy makket yn ’e mande mei typografen keunst foar de iepenbiere romte. Yn Ljouwert bygelyks binne teksten fan him oanbrocht op de oerkapingen fan it NS-stasjon en yn Utert binne oan de bûtenkant fan flatgebouw De Verkenner tegels oanbrocht mei koarte gedichten fan Bruinja.
„Jo moatte altyd ‘ja’ sizze as jo earne foar frege wurde. Potinsjele opdrachtjouwers moatte witte: by Tsead kinne wy terjochte. Ik kin ek goed meitinke. Kommersjele opdrachtjouwers wolle meast anekdoatyske en tagonklike poëzij. It dichterskip is gjin elitêre beuzichheid, it is wurk. Dat wol net sizze dat ik myn siel en salichheid net yn sokke opdrachten lis. Wat dat oanbelanget is der gjin ferskil tusken in opdracht en frij wurk. It is wurk, mar it is gjin maklik wurk.”
De opdrachtjouwer hat rjocht op in deeglik stik poëzij, mar dêr hat de dichter sels ek foardiel fan. „Ik besykje wurk te leverjen dat geskikt is foar it doel fan de opdrachtjouwer, mar dat selsstannich ek besteansrjocht hat. Dan kinst sokke fersen letter nochris brûke en se yn in bondel opnimme.”
Dat jildt bygelyks foar Foarlopich lân, dat op’t heden te hearren en te sjen is op de Aldehou. „Jules van Hulst, dy’t de animaasjes makke hat, sei tsjin my: ‘Dyn poëzij hat in soad bylden, mar dy leverje ik diskear. It hat gjin sin om de bylden dy’t ik projektear ek nochris te beneamen.’ Dat ik moast wat oars betinke.”
Foarlopich lân is foar in grut part ûntstien yn it Rembrandtpark yn Amsterdam. Rinnend of as er him ûnder in beam deljoech, foel him fan alles yn. Hy makke notysjes en wurke dy letter thús op de laptop út. It late ta fersen as:
‘do seidest/myn oandiel yn it hiele barren/wurdt oerskat//hie ik der net west/dan hie it ek op ’e kop ferkeard kaam//no krekt wat minder/en dat is oan my te tankjen//op it stuit dat it echt derop oankomt/ken ik de lytse yndruk fan myn libben/op it riden en farren fan de kosmos.’
Jules van Hulst kin tefreden wêze: wat men der ek fan sizze kin, it tilt net op fan de bylden.
Bruinja: „It binne situaasjes dêr’t de harker sels ferhalen by betinke kin. Muzyk kinst faker as ien kear hearre, dat moast mei dizze poëzij ek, fûn ik. Alle kearen ast by jûntiid foar de Aldehou stiest, moat dyn ferbylding prikkele wurde en hieltyd mei in oar resultaat.”
Der wurdt op’t heden wakker klage oer alle fleksibele kontrakten foar wurknimmers en oer it hege tal lytse selsstannigen tsjin wil en tank. Noch wiffer as it bestean fan in boufakker of pakjebesoarger liket it bestean fan in dichter. Tsead Bruinja is him dêrfan bewust.
„Mar dy jonge út de jierren njoggentich, dy’t amper foarút tocht, is eins net folle feroare. Ik libje yn it momint en dat giet my tsjintwurdich suver better ôf as doe. It heart by it âlder wurden. Dat depressive út myn jeugd is net fuort, mar ik haw it wol better ûnder kontrôle. Yn dit wurk kinst eins noait fierder foarútsjen as in jier. Dat hoecht ek net. It wurk is it doel. In pensjoen ha’k net.”
„Ik bin wolris benaud dat it ophâldt, mar dêr stean ik net alle dagen by stil. Ik wol gewoan trochwurkje. It skriuwen leveret my geastlik safolle op. Kinst ien freegje: tink dêr ris oer nei. Ast it net by tinken litst, mar it opskriuwst, dat giet safolle djipper. Dan makkest it petear mei dysels fysyk, dat feroaret dy as minske. Dêrom bin ik alle kearen wer benijd wat it skriuwen mei my docht. Kinst neitinke oer in reis dy’st meitsje silst, mar kinst de reis ek oangean. Skriuwe is de reis oangean.”
Hy kin him amper foarstelle dat er wat oars dwaan soe as dichtsjen. Tweintich jier dichter wêze is ek wat oars as tweintich jier foar deselde baas wurkje. „De baas fan de poëzij hat in hiel soad koppen. Hy is in moai skizofrene baas en dêr hâldt in dichter it langer by út as by in rjochtlinige baas.”
Boarne: Leeuwarder Courant, 23-2-2018
