Hieronder is de Friese vertaling te lezen van David Huerta's gedicht 'Ayotzinapa' over de ontvoerde en vermoorde studenten in Mexico. Het origineel, de Nederlandse, de Engelse en nog veel meer vertalingen zijn te lezen op de website Asymptote Journal http://www.asymptotejournal.com/blog/2014/11/18/say-ayotzinapa/
AYOTZINAPA
Wy bite it skaad
En yn it skaad
Ferskine de deaden
As kearsen en fruit
As bekers bloed
As stiennen út ’e djipten
As twiigen en spruten
Fan swiete terms
De deaden ha hannen
Dompele yn lijen
En hollen bûgd
Yn it hinnekleed fan ’e wyn
De deaden drage yn harren
In net te sêdzjen pine mei
Dit is it lân fan massagrêven
Achte dames en hearen
Dit is it lân fan it razen
It lân fan de bern yn flammen
It lân fan tramtearre froulju
It lân dat juster noch mar krekt bestie
Dêr’t we net fan witte wêr’t it keard is
Wy binne it paad bjuster rekke
Us longen fol ferdomd swevel
En ferneatigjend fjoer
Wy steane mei ús eagen iepen
En yn dy eagen in see
Fan puntich glês
Wy besykje
Us libbene hannen út te stekken
Nei dy’t ferdwûn binne en de deaden
Mar se driuwe fuort fan ús ferlitte ús
Mei in gebear fan einleaze ôfstân
De bôle ferbaarnt
De antlitten fan it libben ôfskuord baarne
En der binne gjin hannen
Noch binne der antlitten
Noch binne der lannen
Der is allinnich in triljen
Fol fan triennen
In lang razen
Wêryn’t wy de deaden
en de libbenen
betiisd binne
Wa’t dit ek lêst moat witte
Dat it yn in see fan reek smiten is
Oer de stêden
As in teken fan de brutsen geast
Wa’t dit ek lêst moat fierder witte
Dat nettsjinsteande alles
De deaden net ôfset binne
Of weiwurde kinne
Dat it magyske fan de deaden
Yn de dage en de leppel is
Yn ús fuotten en ús maisfjilden
Yn ús tekingen en yn ’e rivier
Lit ús oan dy magy
It timpere silver
Fan in koeltsje skinke
Lit ús oan de deaden
En ús jongferstoarnen
De bôle fan ’e himel skinke
It tsjêf fan it wetter
De skientme fan al it fertriet
De rjemme fan ús ferdommenis
De ferjitnis fan ’e wrâld
En it skeinde ûnthâld
Fan eltsenien dy’t libbet
No is it better stil te wêzen
Bruorren en susters
En ús hannen en geasten te iepenjen
Sadat we fan de ferflokte grûn
De ferskuorde herten oppakke kinne
Fan alle minsken dy’t besteane
En alle minsken dy’t
Bestien ha
David Huerta
Oersetting Tsead Bruinja