Friestalige recensie – Leeuwarder Courant 15-8-2014

Bryk en twaspjaltich ha ik songen – Oer Fallend Ljocht fan Eppie Dam

Yn 1872 skreau in Amerikaanske húsarts oer rare bewegings dy’t syn pasjinten makken. De siiken liken bytiden dûnsers en dus neamde Huntington de oandwaning ‘Chorea’. Dy dûns, dy’t letter nei har ûntdekker ferneamd waard, is him no meester oan it meitsjen fan de dichter Eppie Dam. Dam hat de dûns oannaam, mar net sûnder syn partner noch in pear nije paskes te learen, nammentlik dy fan syn lichthumoristyske, mankelike en sykjende poëzij.

 
Foardracht Dam yn it Kollumerpompsters dialect

Earder skreau Dam prachtige bondels oer syn heit en mem. De dea wie noait fier fuort en leafde en akseptaasje net altyd like fanselssprekkend. Boppedat mocht Dam graach ris omslaan yn de omkriten fan de Kollummerpomp fan syn bernejierren. No stiet de takomst foar de doar en dy takomst belooft net folle goeds foar in man dy’t it faak mei de kop dwaan moat.

Ik wist wêr’t it hinne gie en wa’t ik tsjinkomme soe:
De Skim,
dy’t earder – as koe  ik him – syn liepe ferskining
yn ’t genyp al oankundige hie,
                                        hjir no,
as in skjirsliper dy’t bleau, foar de doar stie,
himsels ferwolkomme en affisjearde as hear.

In moai byld hat Dam hjir keazen foar de ûnwolkomme gast, dy’t der letter foar soargje sil dat er ‘oan wurden gjin byt krije kin’. Dat dy ‘hear H.’ him de leien út ’e hannen nimme sil, fynt de dichter net it slimste. Hy is benauder dat ‘de kop plamuerde ideeën / yn pleats fan abstraksje de romte’ jaan sil.

Eppiedam
Foto troch Reyer Boxem

Gelokkich hat Dams dûnspartner noch net de lieding. Foar abstraksje en twivel is yn dizze bondel rûm plak, byglyks yn it manjefike fers ‘Slotgebed’ wêryn’t Dam de lange relaasje mei syn god ûndersiket. Hy hat him ‘leafhân sa’t in bern dat kin, / mei losse hannen’ en hy hat ‘ôfstân nommen’ ‘as dichter hast jo tsjinpartij’. Dochs is it úteinlik oan ‘Him’ om ‘út te lizzen’ ‘oft Dam ‘hillige’ of ‘heiden’ is, ‘miskien beide.’ De toan fan dit grutte petear is folwoeksen. It wurdt nea weak of ûnderdienich, mar it fers hie om my einigje mochten mei de twa foarlêste rigels ‘bryk en twaspjaltich / ha ik songen sa’t ik rûn.’ ‘Mar neam it net wanstaltich’ wêr’t it fers no mei beslút, wurdt my te folle diktearre troch it rym mei ‘twaspjaltich’. It set in te dikke punt.

Fierders gjin klachten. At de skjirsliper Huntington al wat slipe hat dan binne it de sykjende wurden fan Dam, dy’t er wûnderlik knap yn `e stringen hâldt.

 

Mear

Oer Dam syn wurk: Jelle van der Meulen, Ensafh en de Moanne.
Site fan de dichter sels: http://eppiedam.nl/
Side op Sirkwy.nl: http://www.sirkwy.nl/titel/76#.U_buh_l_sxI
It haadstik oer de Fryske poëzij fan nei 1967 út Zolang de wind van de wolken waait. Geschiedenis van de Friese literatuur mei in apart stik oer Dam is te lêzen op DBNL:http://www.dbnl.org/…/oppe003…/oppe003zola01_01_0010.php
It hiele boek Zolang… is te lêzen fia: http://www.dbnl.org/tekst/oppe003zola01_01/

Fpb-fallend_ljocht_pers_160

Fallend ljocht
Eppie Dam
Friese Pers Boekerij
€ 14,95
 

Posted in